Boppeslach fan 4 maart 2013

Theo Timmermans is keeper fan SC Veendam en in echte leafhawwer. Eltse dei rydt hy op en del nei it easten fan Grins. Dêr hat hy syn dream no wiermakke en spilet Theo betelle fuotbal. We sjogge mei Theo by de wedstriid Veendam-Volendam.

De kuorballers fan LDODK sitte sa stadichoan yn de beslissende faze. Dit wykein in wedstriid dy ferskriklik belangryk is yn de striid om degradaasje. Dan nimt LDODK it op tsjin de nûmer lêst DeetosSnel.

Harkemase Boys is dwaande oan in goeie rige. Sels sa goed, dat se wer in bytsje omheech sjen kinne. Harkemase Boys stiet njoggende, mar kin by winst sels opklimme nei it fyfde plak.

De follybalsters fan VC Snits bin yn fûle striid om it twadde plak mei Weert. Beide ha likefolle punten en sneon spilet Snits út by Weert. Snein dan noch in topper tsjin de nûmer ien Sliedrecht Sport. We binne der by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)