Boppeslach fan 30 april 2012

Yn Boppeslach op keninginnedei sjogge we foarút op de neikompetysje dêr't Cambuur aanst oan begjinne sil. Wat binne de kânsen fan de Ljouwerter klup op promoasje nei de earedivyzje. En hoe docht Aris it yn har play-off wedstriden. De Ljouwerter basketballers spylje tsjin Den Bosch, in ferslach fan dy wedstryd.
De sealfuotballers fan Avanti degradearje út de topdivyzje. We binne by de wedstryd tsjin Leekster Eagles, om te sjen wat no it grutte probleem fan de Stienzer futsalploech is. Mei wa't it seker wol goed giet is assistint-skiedstrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp. Hy giet kommende simmer as assistint fan skiedsrjochter Björn Kuipers nei it EK fuotbal. We wiene by in training fan Zeinstra.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)