Boppeslach fan 3 desimber 2012

Oebele Schokker wie in fenomeen by Harkemase Boys, mar is dat no by Cambuur. Hoe fergiet de oergong fan de heechste amateurs nei de profs dizze goalgetter? Yn Boppeslach in reportaazje. O
NS Snits docht it prima yn de haadklasse. Sneon spylje se de topper tsjin DVS '33. In ferlach fan dy wedstryd yn Boppeslach.
En LDODK spilet dit seizoen op it heechste nivo, de kuorbal league. Se ha it dreech, mar miskien witte se Dalto wol te ferslaan.
En dan Us Derek. It draafhynder fan de sportredaksje hat tefolle oandacht foar de "froutsjes" en dat betsjut dat it op de baan net echt wol. Kastraasje moat de oplossing bringe. Moandei is te sjen hoe't it ús Derek fergiet mei de operaasje, mar ek de fraach: kin ferslachjouwer Jan Vincent van Zuiden it allegear wol oan?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)