Boppeslach fan 29 july 2013

Yn dizze Boppeslach omtinken foar Sportklup Cambuur. Se steane in wike foar de kompetysjestart tsjin NAC Breda. Der is de ôfrûne moannen hurd wurke om alle fasiliteiten op earedivyzje-nivo te krijen. De grutte fraach is oft Cambuur klear is foar de earedivyzje. Wat is der allegear feroare yn en om it stadion? En hoe komt it sportyf? In protte minsken sjogge Cambuur as degradaasjekandidaat nûmer ien, mar is dat terjochte? In antwurd op dizze fragen yn Boppeslach!

Dêrneist komt de grutste keatswedstriid fan it jier der wer oan: de PC yn Frjentsjer. Yn Arum is tradisjoneel de generale repetysje foar alle partoeren. We sjogge nei de favoriten en de outsiders foar de oerwinning. Yn de útstoerings letter op de jûn ek omtinken foar de lotting fan de PC. Dy bepaalt foar in grut part hoe't de PC-dei der útsjocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)