Boppeslach fan 29 april 2013

It is it wykein fan de kampioenen of de eventuele kampioenen. Fansels folgje we Cambuur op de foet dit wykein. Mar noch folle tichter by in kampioenskip is ONS Snits. Se spylje de útwedstryd tsjin Harkemase Boys. As se dy partij winne giet de kampioensskaal nei Snits. Mar de Harkiten stride noch fûlop tsjin degradaasje, dus sille de Snitsers it net maklik krije. Yn Boppeslach it hiele ferhaal.
De sloeproeiers binne wer los. Sneon is it iepen Frysk kampioenskip. De start en finish binne op De Lemmer. Ek dêrfan in ferslach. En it keatsseizoen is ek wer los. Yn Weidum komme de keatsers foar harren ôfdieling yn aksje. We sjogge hoe't se der foar stean en wat der allegear stiet te feroarjen dit seizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)