Boppeslach fan 28 jannewaris 2013

Yn Boppeslach ha we de reaksjes fan de Fryske dielnimmers oan it WK sprint yn Salt Lake City. Mar ek allegearre iis yn ús eigen lân. Wat him ôfspilet op it Fryske iis, dêrfan ek ferslach yn Boppeslach. En Gert Koetje út Snits docht oan in typysk net Nederlânske sport: skeleton. De jonge Snitser docht al mei oan wrâldbekerwedstriden en ek it Europeesk kampioenskip. In portret. En de basketballers fan Aris spylje dit wykein út by Zwolle. In ferslach fan dy wedstryd is ek te sjen yn Boppeslach.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)