Boppeslach fan 27 febrewaris 2012

Yn Boppeslach omtinken foar de wichtige wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin AZ. Op It Hearrenfean is dit wykein it Sidijktoernoai, in grut turntoernoai, dêr't ek Epke Zonderland meidwaan sil. Ek dêrfan in ferslach.
Heechspringer Douwe Amels wurdt hyltiid better. De Drachtster atleet besiket kommend wykein wer Nederlânsk kampioen op dit ûnderdiel te wurden. Oft it him slagget sjogge jo yn Boppeslach.
En hoe giet it mei Derek Buitenzorg, it jonge draafhynder fan de sportredaksje. Hy is al ta oan sprinttrainings. We sjogge hoe't dat giet.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)