Boppeslach fan 27 augustus 2012

Yn dizze Boppeslach omtinken foar de iepening fan it wrâldkampioenskip keatsen dat mei achttjin lannen dizze wike yn Fryslân hâlden wurdt. We wiene ek by it haadklasse keatsen, de Van Aismapartij foar manlju frije formaasje, yn Bitgum. Fierder de twadde wedstriid fan sneinstopklasser Snits Wyt Swart. Op it eigen keunstgers spilet de ploech fan trainer Johan Groote tsjin Lienden. En we sjogge werom op de útsetter fan it fierljepseizoen: it Nederlânsk kampioenskip fan sneon yn Drylts.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)