Boppeslach fan 26 novimber 2012

Yn Boppeslach jûn omtinken foar Sportklup Hearrenfean. Fierder binne we by de topper yn de earedivyzje fan it iishockey, tusken de Friesland Flyers en Den Haag.
Ek in ferslach fan de basketbalwedstryd Grins-Aris. En Jan Wagenaar fan Skearnegoutum waard ferline wike foar de sechsde kear op rige Frysk kampioen sterkste man. Heech tiid om wat better yn 'e kunde te kommen mei dizze krachtpatser.
En tsja..dan it ferhaal fan Us Derek. Derek wurdt balstjurrich, en dat bestjut dat der wat barre moat. En by balstjurrige hynders is dat dan kastraasje. Ek ús draafhynder sil der oan leauwe moatte. Yn Boppeslach sjogge we hoe't de operaasje ferrûn is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)