Boppeslach fan 26 maart 2012

In grôtfol Boppeslach mei turnjen, fuotbal, follybal, kuorbal en reedriden. Epke Zonderland foldie dit wykein oan de eask fan foarmbehâld foar de Olympyske Spelen. Boppeslach praat mei him. De follybalfroulju fan Snits spilen snein de earste wedstryd yn de finale om it lânskampioenskip. Wy wiene derby.

Fierder it wrâldkampioenskip ôfstannen yn Thialf mei û.o. de tsien kilometer fan de BAM ploech en de 500 meter fan Thijsje Oenema. Amateurfuotbal mei Harkemase Boys-Rijnsburgse Boys yn de striid om degradaasje. Kuorbal, de play-offs fan LDODK om promoasje nei de kuorbal league. We wiene by de wedstriid LDODK-Tempo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)