Boppeslach fan 23 april 2012

Yn Boppeslach sjogge we mei Foppe de Haan, Ronny Venema en Tieme Klompe nei de ein fan de kompetysje yn de earedivyzje. En tagelyk werom op it seizoen 1999/2000 doe't Hearrenfean twadde waard yn de kompetysje en Champions League fuotbal spile.
Ek sjogge we hoe't it Harkemase Boys fergiet yn de útwedstryd tsjin Montfoort. Der moatte punten helle wurde om út de problemen te kommen.
By VV Kollum is it in hiel oar ferhaal, sy kinne sneon feestfiere, as se kampioen wurde yn de tredde klasse B. Ek dêr binne we by. Sjoerd Hamburger is ien fan de roeiers fan de Hollân acht. Sneon roeit er op de Bosbaan yn Amsterdam. Wy prate mei Sjoerd oer de Olympyske Spelen fan dizze simmer yn Londen.
En Ús Derek sil foar it earst nei de drafbaan fan Wolvegea. Foar in snuffelstaazje. Fansels kinne jo sjen hoe't dat ferrûn is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)