Boppeslach fan 21 novimber 2011

Yn Boppeslach sjogge we hoe't it giet mei turner Epke Zonderland as er syn earste mearkamp sûnt jierren docht by de striid om de nasjonale kluptitels. Fierder fuotbal yn de topklasse mei de útwedstriid fan Harkemase Boys yn Hardenberg tsjin HHC. Ek wiene we by Derek, de draver fan de sportredaksje, en by de Prijs der Giganten op de draafbaan fan Wolvegea. Fierder de Fryske twastriid yn it sealkuorbal: Mid Fryslân-LDODK.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)