Boppeslach fan 21 jannewaris 2013

Yn Boppeslach fansels in soad omtinken foar natoeriis. We binne by de wichtige wedstriden dy't útskreaun binne.
Mar der is ek reedriden yn Sweden op keunstiis. Yn Malmö is it EK shorttrack mei de Fryske dielnimmers Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma. Ek dêrfan ferslach. It is de earste wedstryd wer foar Sportklup Hearrenfean nei de winterstop. Hoe stiet de seleksje fan Van Basten derfoar? Yn Boppeslach sjogge jo it. En we komme better yn 'e kunde mei goalie Martijn Oosterwijk fan de Friesland Flyers. Iishockey dus yn Boppeslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)