Boppeslach fan 2012-11-19T17:15:00

Yn Boppeslach jûn rom omtinken foar de earste wrâldbekerwedstriid reedriden op it iis fan Thialf. De Fryske ynbring is grut, mar hoe sit it mei de prestaasjes? Ek omtinken foar de froulju fan Drachtster Boys, de koprinner yn de earedivyzje fan it sealfuotbal. Dit wykein wurdt de topper spile tsjin de nûmer twa OS Lusitanos út Amsterdam. We binne ek op de draafbaan fan Wolvegea. Der wurdt û.o. de Priis der Giganten ferriden en komt de glossy fan Us Derek út.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)