Boppeslach fan 2012-10-29T17:15:00

Yn Boppeslach jûn omtinken foar ONS. De Snitsers spylje sneon tsjin ACV en wolle dêr eins de earste perioadetitel helje. Mar alles stiet dizze wike fansels ek yn it teken fan de bekerwedstriden. ONS spilet tsjin Ajax op woansdei en tongersdei komt AZ by sneinstopklasser Snits Wyt Swart op besite. We sjogge by de tariedings. Yn de earste klasse F sjogge we yn oktober by alle Fryske klups. Dit wykein binne we by de wedstryd Burgum tsjin LAC Frisia. We fokusje ús op de Frisianen. It reedrydseizoen is wer los, as de Iselcup wer riden wurdt. We binne der by om ris te sjen wat we fan de Friezen ferwachtsje kinne de kommende winter. En it Iepen NK swimmen yn Amsterdam, ek dêr binne we by om te sjen hoe't de Fryske dielnimmers it der ôf bringe.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)