Boppeslach fan 2012-10-22T17:15:00

Yn Boppeslach hjoed omtinken foar it Nederlânsk kampioenskip judo yn Rotterdam. In tal Friezen docht mei oan it nasjonale kampioenskip, lykas Miranda Wolfslag. Sy ferdigenet har titel yn de gewichtsklasse ûnder de 52 kilogram.
De iishockeyers fan de Flyers nimme it dit wykein op tsjin Eindhoven. Yn Boppeslach in ferslach fan dizze wedstryd. Oktober is de moanne fan de 1e klasse F op snein. We binne by de wedstryd Burgum-Stienwyk. By Burgum binne twa âld-Cambuurspilers aktyf. Jan Bruin is trainer en René van Rijswijk is spiler.
En Us Derek, it draafhynder fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân stiet foar in krusiale fase. Kin hy him no kwalifisearje foar de koersen of giet hy de wachtkeamer yn de kommende winter? Yn Boppeslach it antwurd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)