Boppeslach fan 20 augustus 2012

Wer in reguliere Boppeslach. We wiene by de huldiging fan sylster Marit Bouwmeester. Marit helle op de Olympyske Spelen krekt gjin goud yn har Laser Radial. Mar it sulver waard sneontejûn yn har wenplak Warten fansels fierd. Fierder it debút fan Snits Wyt Swart Boso Snits yn de sneinstopklasse fan it amateurfuotbal. Dat debút wie sneon yn Rijswijk tsjin Haaglandia. We wiene ek by it Europeesk kampioenskip gersbaan yn Eenrum. Trije Friezen diene mei: Jannick de Jong, Dirk Fabriek en Jeffrey Woortman. En fansels moaie bylden fan it iepen Nederlânsk kampioenskip skeelerjen oer 100 kilomter, de 25e Bartlehiem Skeelertocht Ferwerderadiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)