Boppeslach fan 2 septimber 2013

ONS spilet sneon syn earste wedstryd thús yn de topklasse. IJsselmeervogels komt op besite. Fuort wer in drege tsjinstanner. Yn Boppeslach in ferslach fan dizze wedstryd. Ek omtinken foar it WK skeelerjen mei de Fryske dielnimmers. En yn Hallum race sneon de stockcars wer oer de greiden by de aurocross. In reportaazje. En......Us Derek, it draafhynder fan Omrop Fryslân sil syn earste koers drave snein op de draafbaan fan Wolvegea. We sjogge wiidweidich werom!

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)