Boppeslach fan 2 april 2012

Sportklup Cambuur treft yn eigen hûs koprinner FC Zwolle. De Ljouwerters hawwe al fiif wedstriden op rige net ferlern en hoopje dy rige troch te setten. De wedstriden tsjin Zwolle stean de lêste jierren garant foar spektakel en moandei yn Boppeslach in ferslach fan dizze nije konfrontaasje. Ek omtinken foar Harkemase Boys, de ploech dy't fjochtet foar liifsbehâld yn de topklasse. Se treffe mei SVZW in direkte konkurrint yn dy striid tsjin degradaasje.

De follybalfroulju fan Snits kinne skiednis skriuwe yn de striid om it lânskampioenskip. Yn de finale, in bêst-of-5 searje, spylje se tsjin Sliedrecht. Snein is de fjirde wedstriid en dêrfan in ferslach. De kuorbalkompetysje rint ek nei de ein en LDODK is noch yn de race foar in plak yn de kuorbal league. Op dat nivo spile noch nea in Fryske ploech. Om yn de promoasjefinale te kommen moat earst ôfrekkene wurde mei Tempo. Oft dat slagget sjogge jo yn Boppeslach!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)