Boppeslach fan 19 jannewaris 2012

Us Derek stiet fan 'e jûn sintraal yn ús Boppeslach argyf. Derek Buitenzorg is it jonge draafhynder dat troch de sportredaksje fan Omrop Fryslân rêden waard fan de slacht. Derek is ûnderbrocht by pikeur en hynstefokker Eelke Kruis yn Terbant en wurdt traind troch Sjoukje Wagenaar. Derek hat fan oktober ôf syn eigen soap yn Boppeslach.
Yn dizze útsjoering sjogge jo de moaiste reportaazjes oer Derek en syn aventoeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)