Boppeslach fan 19 augustus 2013

Yn dizze Boppeslach omtinken foar Sportklup Hearrenfean. Se binne de kompetysje goed úteinset mei twa oerwinnings en wolle dat graach trochsette tsjin Heracles. We sykje ien fan de opfallendste spilers út de seleksje fan Marco van Basten op. Twa stapkes leger riedt ONS Snits him ta op it aventoer yn de topklasse. De ploech fan de nije trainer Bert Hollander spilet syn lêste oefenwedstriid en hat ek in iepen dei. In reportaazje oer de tariedings fan de Snitser fuotbalklup.

Nêst it fuotbaljen ek omtinken foar twa Fryske sporten. De fierljeppers ha noch in wike foar it Nederlânsk kampioenskip. Yn Gryptsjerk sjogge we hoe't it mei de foarm sit by de kânshawwers. De frouljuskeatsers libje ek ta nei it hichtepunt fan it seizoen: de PC yn Weidum. De partoeren fan Iris van der Veen en Lisette Wagenaar binne de favoriten, mar wa binne de outsiders? We sykje se op by de generale foar de PC, dy't yn Akkrum ferkeatst wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)