Boppeslach fan 18 juny 2012

Yn dizze Boppeslach rom omtinken foar it Nederlânsk kampioenskip turnjen. Epke Zonderland toant foar it earst oan it Nederlânske publyk syn spektakulêre oefening op it rek, dêr't hy op de Olympyske Spelen yn Londen goud mei helje wol. Mar ek de froulju fan bûnscoach Gerben Wiersma komme yn aksje en we hâlde ek harren prestaasjes tsjin it ljocht. Heechspringer Douwe Amels is de grutte favoryt op it NK atletyk yn Amsterdam. We sjogge oft hy syn titel mei súkses ferdedigje kin. De keatsers stride yn Sint Japik om de krânsen, mar yn de partoeren fine al ferskate wikselingen plak. De wichtichste feroarings op in rychje en we folgje de partij. Fierder koart omtinken foar de Slachtemaraton en de RedBull fierste ljepper. Ta beslút sjogge we hoe't it mei ús hynder Derek Buitenzorg giet. Hy is wolris wat dwers as hy yn de trailer moat en dêrom skeakelje wy in hynsteflústeraar yn. Kin dy de problemen fan ús Derek ferhelpe? Sjoch nei Boppeslach!

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)