Boppeslach fan 17 septimber 2012

Yn it sportprogramma Boppeslach omtinken foar de Fryske sport. Sa hawwe wy in reportaazje oer de Fryske ynbring by SC Cambuur. Mei û.o Marc Diemers, Lucas Bijker, Oebele Schokker en Frits Dantuma telt de seleksje fjouwer Fryske fuotballers út de eigen jeugdoplieding.

Fierder in ferslach fan de topper yn de haadklasse tusken ONS Boso Snits en HZVV en fan de wedstriid FC Chabab-Snits Wyt Swart Boso Snits yn de sneinstopklasse. Wy binne by de Aldehoupartij, tradisjoneel de ôfsluting fan it keatsseizoen. En der is alfêst in foarpriuwke fan de dokumintêre oer de reis fan de Fryske fierljeppers op besite yn Litouwen by de alternative Olympyske Spelen.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)