Boppeslach fan 15 oktober 2012

Yn Boppeslach in wiidweidich ferslach fan de moaie Fryske derby yn de haadklasse C fan it sneons amateurfuotbal. ONS nimt it thús op tsjin Harkemase Boys. Kinne de Boys de minne start yn dizze derby omkeare, of sette de Snitsers de goeie lijn troch.
Yn oktober folgje we de Fryske ploegen yn de 1e klasse F fan it sneinsfuotbal. No snein binne we by de wedstryd Wolvegea tsjin De Jouwer. En de Snitser follybalfroulju gean wer los mei de kompetysje. De earste wedstryd is tsjin Peelpush. We sjogge hoe't se der foarstean en wat de doelstellings dit jier binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)