Boppeslach fan 14 jannewaris 2013

Yn Boppeslach rom omtinken foar it Europeesk kampioenskip reedriden fan it wykein yn Thialf. Wurdt Sven Kramer foar de sechsde kear de bêste fan Europa? En hoe docht de 17-jierrige debutante Antoinette de Jong it? Fierder wiene we by de Fryske winterswimkampioenskippen op It Fean en by it grutte hynstekonkoers yn Drachten. De kuorballers fan LDODK stean nei sân wedstriden op it achtste plak yn de kuorbal league. Sneontejûn kaam de nûmer lêst TOP op besite. Moandeitejûn sjogge jo it resultaat.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)