Boppeslach fan 12 maart 2012

Yn Boppeslach in ferslach fan de wedstryd Harkemase Boys-Lisse. We binne ek by de wedstryd fan de follybalsters fan Snits yn de play-off wedstryd tsjin Peelpush út Meijel.
Ek binne we by de survivalrun fan Koatstertille, dêr't wer hûnderten minsken de striid tsjin de eleminten oangean. En fansels omtinken foar it WK shorttrack, mei Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)