Boppeslach fan 1 oktober 2012

Yn Boppeslach in portret fan Michiel Hemmen, de man yn foarm by Cambuur. Hy kaam dit seizoen oer fan it Belgyske Westerlo nei Ljouwert en soarget foar de doelpunten, al seis kear trof hy doel. Fuotbal op in oar nivo is dat fan de 1e klassen. Snein binne we by de wedstryd yn de earste klasse F. De wedstryd ONB tsjin FVC.

En de hjerst is begûn, it iis leit wer op de banen, en dus kin it reedriden wer los. Op Thialf komme de shorttrackers wer yn aksje, dus ek Sjinkie Knegt. Hoe is it mei him, en wa binne de oare Fryske dielnimmers. Yn Boppeslach kin je it sjen. En ek de basketballers fan Aris stean oan de foarjûn fan it nije seizoen. Wat binne de ferwachtings dit jier. Op de iepen dei fan Aris sille we dat beljochtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)