Boppeslach fan 1 july 2013

Yn dizze Boppeslach sjogge we by Pieter Weening, dy't dit jier thús de Tour de France folget. Ek binne we op besite by Jan de Jonge. De trainer giet oan de slach by Heracles Almelo en we krije in rûnlieding by syn nije wurkjouwer. We sjogge by it EK skeelerjen yn Almere mei ûnder oare Manon Kamminga, by it keatsen yn Harns dêr't Van der Bos, Triemstra en Iseger in 30 jier âld rekôr ferbrekke kinne en by de triatlon yn Stiens. Ta beslút binne we by de bêste jeugd-iishockeyers fan Fryslân. De iishockeyklups út Ljouwert en It Hearrenfean sille gearwurkje.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)