Boppeslach fan 1 desimber 2012

Hat Sportkup Hearrenfean snein tsjin Roda JC de rige mei negative resultaten ôfsletten, of sakket de ploech hieltyd fierder fuort op de ranglist? De belutsenen komme oan it wurd. De basketballers fan Aris Ljouwert hiene grif ek mear fan de kompetysje ferwachte. Sneon komt Weert op besite yn it Kealledykje, Boppeslach is derby. Fansels sjogge we ek by ús Derek. Hoe hat ús draver de kastraasje ferwurke? Fierder omtinken foar de kuorballers fan LDODK op besite yn Dordrecht by DeetosSnel en it maratonreedriden yn Grins.

Diel dit berjocht op:
Boppeslach

Boppeslach

Boppeslach wie it sportprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Op moandeis waard op in sa folslein mooglike wize omtinken jûn oan de sport yn Fryslân. Oft it no om fuotbal, tennis, keatsen, kuorbal, reedriden, fierljeppen of basketbal giet, wy binne der as it heal kin by om de sjoggers fan ferslaggen en reportaazjes te foarsjen. Ynplak fan Boppeslach is der no alle wurkdagen Bynt.
(advertinsje)