Boppeslach fan 1 april 2013

Yn Boppeslach binne we hjoed tige aktueel. We hawwe in ferslach fan de wedstriid Cambuur tsjin Go Ahead Eagles. Dy wedstriid wurdt moandeitemiddei spile. We binne ek by de topklassewedstriid fan Snits Wyt Swart tsjin WKE dy't ek op moandei spile wurdt. Fierder bylden fan koprinner ONS tsjin Flevo Boys yn de sneonshaadklasse. Dizze wike is Ljouwert kuorbalstêd. De kuorbalwrâldbeker wurdt dan spile. Trettjin lannen binne hjir oanwêzich. Yn Boppeslach folgje we ien fan de lanneteams. En Jorrit Bergsma is efkes werom yn Aldeboarn mei syn moaie gouden medalje, ferstjinne op de WK ôfstânnen op de 10 km. Hoe hat hy dat ûnderfûn, om op sa'n grut toernoai Sven Kramer te ferslaan? Yn Boppeslach it antwurd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)