Boppeslach Ekstra fan 31 augustus 2012

  • Alijda Nordbruis

Op 29 augustus begjinne yn London, nei de Olympyske Spelen, de Paralympics. It wichtichste sportevenemint fan de wrâld foar sporters mei in lichaamlike beheining. Omrop Fryslân komt freed mei in dokumintêre oer ien fan dy sporters: Alyda Norbruis. Alyda Norbruis fan Oerterp is ien fan de sporters dy't yn Londen yn aksje komme sil. Sy is hurdfytster. It is in bysûnder ferhaal. Alyda is linkssidich spastysk, mar hat altyd sporten. Kuorballe, en letter skyd. Sy siet sels yn it nasjonale skyteam en woe dêrmei nei de Paralympics. Dat slagge net, sy fielde har net thús yn dy wrâld. Ferline jier makke Alyda de oerstap nei it hurdfytsen. En sy blykt in supertalint te wêzen, mar ek foaral in trochsetter. Al hiel gau rydt sy mei yn de wrâldtop en wurdt sels wrâldkampioen op de 500 meter baanhurdfytsen. Alyda wurdt nominearre foar de Spelen. Wylst har doel wie om oer fjouwer jier yn Rio mei te dwaan, slagge it har al no al, yn 2012. Omrop Fryslân folge Alyda yn har drokke libben, dat yn it teken stiet fan traine, famylje, en foaral hurd wurkjen foar dat iene doel: GOUD!

Sportdocu - Alyda Norbruis, om 17:04 oere en dêrnei fan 18:20 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)