Boppeslach Ekstra fan 2012-10-17T18:30:00

  • Foppe en Marco

Benefytwedstriid ‘Foppe vs. Marco’ SC Hearrenfean tsjin it Fryske alvetal:
In seleksje fan de bêste Fryske fuotballers spilet dan yn it Abe Lenstra Stadion tsjin it earste alvetal fan SC Hearrenfean. Op televyzje en op de ynternetstjoerder Omroplive.nl is de fuotbalwedstriid live te folgjen. De fuotbalploech SC Hearrenfean stiet fansels ûnder lieding fan Marco van Basten. It Fryske alvetal stiet ûnder lieding fan Foppe de Haan. It wurdt dus in striid tusken de âlde en de nije trainer fan Hearrenfean.
De opbringst fan dizze benefytwedstriid giet nei it Foppe Fonds en Kika. It kommentaar en de presintaasje fan de wedstriid binne yn hannen fan Arjen de Boer en Simone Scheffer fan Omrop Fryslân.

Dizze woansdeitejûn wurdt foar ien kear in wiere sportjûn by Omrop Fryslân. Om de wedstriid hinne wurde nammentlik op televyzje twa moaie sportprogramma’s werhelle. Tusken 17:00 en 18:00 oere is Boppeslach Kafee mei Epke Zonderland nochris te sjen.

Nei de fuotbalwedstriid is tusken 21:00 en 22:00 oere it eksklusive ynterview te sjen, dat Arjen de Boer hie mei Marco van Basten. De oeren dêrnei binne dy beide programma’s ôfwikseljend nochris te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)