Boppeslach Ekstra fan 20 septimber 2012

  • Fierljeppen yn Litouwen

Yn dizze Boppeslach ekstra in dokumintêre oer Fryske fierljeppers dy't yn july fan dit jier meidiene oan de World Sport for All Games yn Litouwen. De World Sport for All Games is in soarte fan alternative Olympyske Spelen foar kultuersporten. Ut Nederlân die in fierljepdelegaasje mei út Fryslân en Hollân. De bedoeling fan de ploech wie om de fierljepsport ynternasjonaal út te dragen en op de kaart te setten. In ploech fan Omrop Fryslân reizge mei en makke in ferslach fan it aventoer fan de Fryske ljeppers en ljepsters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)