Bear Boeloe fan 1 maart 2012

Bear Boeloe: Op bêd diel 1

Bear Boeloe sil op bêd.
Janny freget oft se by him op bêd lizze mei want se is wolris wat bang yn 'e nacht.
Bang foar spoeken en draken dy 't ûnder it bêd lizze.
Dêr moat Bear Boeloe ek efkes fan skrikke.
Se sjocht foar de wissichheid der mar efkes ûnder.
Soe der wat ûnder it bêd lizze?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)