BAK fan 9 maaie 2015 17:00

Dizze film is basearre op de koarte roman ‘BAK’ fan Sietse de Vries, yn 2012 as kadoboek yn de Moanne fan it Fryske Boek útjûn. Haadpersoan yn it boek en de film is stedsferslachjouwer Sjerp Bak fan de Ljouwerter Krante. Syn al te gemoedlik libben kriget in ûnferwachte kear as hy by in út de hân rûne rûzje gemeenteriedslid Remco Beets ombringt.

Hjoed it lêste diel fan de koarte televyzjesearje BAK. Te sjen om 17.20 oere en dêrnei alle oeren nei Hea!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)