Baas Boppe Baas fan 27 july 2012

Baas Boppe Baas: Kloate Boeren

Hoe is it steld mei it minderweardichheidskompleks fan de Friezen? Bennie is fereale op Emma, Emma is in Nederlânsktalich famke en net steld op boerepummels en stoere brommers. Bennie hâldt fol en krijt sels in kâns fan Emma, mar syn freonen stekke der in stokje foar. Slaande deilis is it gefolch. Beant sjocht Talietha mei in frjemd manspersoan.. wa is dat? En wêrom docht se sa geheimsinnich?

Diel dit berjocht op:
Baas Boppe Baas

Baas Boppe Baas

Mei it útstjoeren fan in eigen tolve-dielige dramarige yn de eigen taal soarge de Fryske omrop foar in primeur yn de Nederlânske omropskiednis. Nea earder wie in regionale omrop ta sa'n grutte produksje by steat. De rige waard yn ferskate dekôrs yn de Omrop Fryslân-studio's opnommen. De bûtenopnamen wiene yn de direkte omkriten fan Ljouwert. Dizze simmer werhellet Omrop Fryslân de moaiste ôfleveringen.
(advertinsje)