Baas Boppe Baas fan 22 juny 2012

Baas Boppe Baas: Strak Kontsje

Wa fan de famylje Baas hat in strak kontsje? De measte stimmen sille nei Talietha gean, mar Beant blykt de grutte winner. Binnen it volleybalteam ûntdekt Afke net winske yntimiteiten. Se fertinkt har coach, Wiebe Fokkema, in kroechmaat fan Beant, want hy hâldt en draacht him nochal fertocht. Seker wannear’t hy de nije oanwinst Rianne nochal in soad oandacht skinkt. Ien en oar jout in soad konsternaasje yn ‘huize’ Baas, want Beant leaut der neat fan.

Diel dit berjocht op:
Baas Boppe Baas

Baas Boppe Baas

Mei it útstjoeren fan in eigen tolve-dielige dramarige yn de eigen taal soarge de Fryske omrop foar in primeur yn de Nederlânske omropskiednis. Nea earder wie in regionale omrop ta sa'n grutte produksje by steat. De rige waard yn ferskate dekôrs yn de Omrop Fryslân-studio's opnommen. De bûtenopnamen wiene yn de direkte omkriten fan Ljouwert. Dizze simmer werhellet Omrop Fryslân de moaiste ôfleveringen.
(advertinsje)