Baas Boppe Baas fan 13 july 2015 17:20

Sodom en Gomorra

Beant ferliest de weddenskip dy’t er mei Joukje hat. No moat er tegearre mei har in dei nei Amsterdam. Joukje sjocht der bot nei út en Beant sjocht it fansels hielendal net sitten. Amsterdam is in kriminele stêd en it is gefaarlik om der hinne te gean. Mar ôfpraat is ôfpraat, se reizgje mei de trein ôf nei Amsterdam. Se binne der noch mar krekt en binne inoar fuortendaliks al kwyt.... argewaasje! Beant siket Joukje en Joukje is op ‘e siik nei Beant. Se komme oeral yn Amsterdam en belibje fan alles. Beant treft in groepke toeristen en beslút emi dy groep mei te gean, sa komt er Joukje faaks wer tsjin. Sille se inoar wer fine en hoe ha se it fûn yn Amsterdam? Gastrollen fan Rob van Hulst e.o.

Diel dit berjocht op:
Baas Boppe Baas

Baas Boppe Baas

Mei it útstjoeren fan in eigen tolve-dielige dramarige yn de eigen taal soarge de Fryske omrop foar in primeur yn de Nederlânske omropskiednis. Nea earder wie in regionale omrop ta sa'n grutte produksje by steat. De rige waard yn ferskate dekôrs yn de Omrop Fryslân-studio's opnommen. De bûtenopnamen wiene yn de direkte omkriten fan Ljouwert. Dizze simmer werhellet Omrop Fryslân de moaiste ôfleveringen.
(advertinsje)