Alvestêdetochtrige fan 2012-01-09T18:30:00

  • Spiler wurdt laden

Hjoed werhelje we ôfleveringen 6 o.e.m. 10 fan de Alvestêdetochtrige. Te sjen op deiTV:

ôflevering 6: 12.00-12.30
Yn dizze útstjoering de Alvestêdetocht fan 1954 mei as winner Jeen van den Berg.
Foar de folgers is it dúdlik, we binne bedarre yn 1954. It wie op dy tredde febrewaris 1954 wat in frjemde dei. It wie nammentlik folle moaier waar as foarsein wie. En de toerriders dy’t út eangst thúsbleaun wiene, hiene dêr letter in hiel soad spyt fan.

ôflevering 7: 13.00-13.30
Dizze sânde ôflevering giet oer de Alvestêdetocht fan 1956.
Mei harren fiven gienen se doe oer de streek, mar se krigen gjin priis: Jeen Nauta, Anton Verhoeven, Jan van der Hoorn, Maus Wijnhout en Aad de Koning. Jeen van den Berg, de winner fan 1954, hie materiaalpech. En wat wie der dochs mei Snits?

ôflevering 8: 14.00-14.30
Yn dizze ôflevering komt de romrofte tocht fan 1963 oan de oarder.
It is it ferhaal fan kjeld, stosnie, ûnbegeanber iis. 569 wedstriidriders en 9294 toerriders giene fan start. Mar 57 wedstriidriders en 69 toerriders soene oankomme. It ferhaal fan 'e earste wedstriidrider Reinier Paping en de efterfolgers Jeen van den Berg en Jan Uitham.

ôflevering 9: 15.00
Yn dizze njoggende ôflevering komme de alternative alvestêdetochten oan de oarder. Tusken 1963 en 1985 waarden gjin 'echte' tochten riden, mar waard der yn it bûtenlân riden. De alternative alvestêdetocht waard útfûn. De earste is yn 1973 yn Noarwegen. Der is in protte animo foar en bekende en ûnbekende nammen dogge mei.

ôflevering 10: 16.00-16.30
Der stiet wetter op it iis, mar op tongersdei 21 febrewaris, 22 jier en in moanne nei de foarige, is der einliks wer in Alvestêdetocht. Mar nimmen wist hoe’t it allegearre moast. Mar de minsken dy’t it tsjuster ynsjogge 'it wurdt hielendal neat, in fiasko', dy krije net gelyk. It wurdt in fantastyske dei. Mei in hiel ûnferwachte winner: Evert van Benthem fan Sint Jansklooster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)