Alvestêdetochtrige fan 2012-01-08T18:30:00

  • Spiler wurdt laden

Earste yn in rige fan trettjin programma's oer de Alvestêdetocht. Mei nijsgjirrige ferhalen oer de ferskate Alvestêdetochten,

Oflevering 1:
Hjoed de oprjochting fan 'e Alvestêdeferiening yn 1909 en de earste tochten fan 1909, 1912 en 1917. It begûn allegearre mei Pim Mulier. Dy ried yn 1890 alle alve stêden by del yn sawat tolve oeren. Hy skreau der in ferhaaltsje oer en dage de Friezen út him nei te dwaan.

Oflevering 2:
Yn de twadde ôflevering oer de Alvestêdetocht komme we telâne yn de tochten fan 1929 en 1933. Echte Friezen winne, mar de fraach is: sit der ferskil yn as Friezen winne of Hollanners? Omtinken is der ek foar de twadde tocht fan 1929: de Tolhústertocht. Nei oanlieding fan dy tocht prate we oer it fenomeen wylde tochten.

Oflevering 3:
Yn de tredde ôflevering fan dit programma oer 100-jier Alvestêdetocht giet it oer de jierren 1940 en 1941. It giet om de tochten krekt foar en krekt yn de Twadde Wrâldkriich. Likegoed bin der prachtige bylden en ferhalen fan te sjen en te hearren.
Hoe kamen dy fiif man der yn 1940 bygelyks ta om tagelyk oer de streek te gean? En wêrom gie it net troch?

Oflevering 4:
Yn dizze fjirde ôflevering fan dit programma oer de Alvestêdetocht de tocht fan 1942.
Eins wie de Alvestêdetocht fan 1942 hiel apart. It wie oarloch. Mar dêr lutsen de riders en rydsters harren neat fan oan.

Oflevering 5:
Yn dizze útstjoering de Alvestêdetocht fan 1947. De earste fjouwer wedstriidriders waarden diskwalifisearre en Jan van der Hoorn waard doe as winner útroppen. Hy fertelt oer de legindaryske tocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)