7 Stêden fan 16 desimber 2014 17:20

Hjoed yn de rige 7 Stêden folgje we dizze kear kollega Halbe Pieter Claus mei fotograaf Jacob Haagsma en regiseusse Mirjam de With yn Aarhus, Denemarken. Aarhus is yn 2017 Kulturele Haadstêd, in havenstêd oan de noardeast kant fan Denemarken. It is de op ien nei grutste stêd fan it lân mei sa'n 243.000 ynwenners. Aarhus is in knooppunt fan spoarwegen út alle parten fan it lân.

By de searje heart ek de spesjale webside www.7steden.nl mei alle programma's, foto's en achtergrûnferhalen fan de makkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)