7 Stêden fan 24 desimber 2014 17:20

Hjoed de lêste ôfleving yn de rige fan de 7 Stêden gean we mei kollega Annet Huisman en Stef Altena fan de Ljouwerter krante mei Friso Visser nei Valletta yn Malta.

Valletta is de haadstêd fan Malta en sa'n 7.000 ynwenners. De stêd is kompakt en beslacht mar sa'n twa by ien kilometer. Valletta is tagelyk mei Ljouwert yn 2018 Kulturele Haadstêd. It is de stêd fan forten en bastions, dêr't in soad kultueren bymekoar komme.

By de searje heart ek de spesjale webside www.7steden.nl mei alle programma's, foto's en achtergrûnferhalen fan de makkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)