It Swarte Goud

It Swarte Goud fan Fryslân: it Frysk hynder. Keningshuzen oer de hiele wrâld hâlde fan it hynder, de bisten spylje sels yn Hollywoodfilms en ynspirearje keunstners en sirkusartysten ta spektakulêre foarstellingen. Yn fiif dielen besiket de dokumintêre It Swarte Goud antwurd te krijen op de fraach wêrom’t it Frysk hynder no sa bysûnder is.

Diel ien: Fan alle tiden

Symon Attema gong yn de jierren ’80 út Fryslân wei nei Amearika om dêr in oplieding te folgjen om piloat te wurden. In tiid letter begûn hy mei in nije ‘business’: Fryske hynders fan syn heit ferkeapje yn Amearika, dy ymport waard letter tige populêr. Yn 2004 kaam it Frysk hynder Ariaan nei Amearika, hy waard letter troch Hollywood ûntdutsen, wêrnei’t hy in rol krige yn de film The Legend of Zorro mei Antonio Banderas. Fierder makket Jorieke Savelkouls in start mei de útlis oer de skiednis fan it Frysk hynder, hokker eartiids as kriichshynders ynset waarden.

Snein 3 april fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 2 april om 15.30 oere en snein 3 april om 12.55 oere op NPO 2.

Besjoch hjir online de earste útstjoering.

Diel twa: Yn ‘e groei

Blythe Brown, de frou fan de wrâldferneamde skriuwer Dan Brown is gek mei Fryske hynders. Doe’t se jong wie foel sy fan har hynder, dêr’t sy nekkeletsel oan oerhold. Uteinlik kaam sy yn kontakt mei it Fryske hynsteras. Tichteby hûs op Skylge bringe se de rêdingshistoarje wer ta libben troch in rêdingsboatdemonstraasje mei Fryske hynders te jaan. Yn de 19e iuw wie it Frysk hynder in utering fan welstân en waard it hynder in soad brûkt foar lânbouwurk.

Snein 10 april fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 9 april om 15.30 oere en snein 10 april om 13.05 oere op NPO 2.

Besjoch hjir online de twadde útstjoering.

Diel trije: Yn ‘e krêft

Margriet van der Weide sjocht foar it earst by Theatre du Centaure in Marseille: in teatergroep dy’t wurket en libbet mei Fryske hynders. Yn Marseille hawwe sy in soarte fan nomadekamp opset dêr’t de Fryske hynders en minsken byinoar wenje. Margriet hat Fryske hynders oan de groep ferkocht en komt se no opsykjen. Fyftich jier lyn wie it Frysk hynsteras hast útstoarn, troch de komst fan trekkers wiene de hynders gewoanwei net mear nedich. Hjoed-de-dei is it hynder wer tige populêr, benammen by ringriderijen en túchwedstriden.

Snein 17 april fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 16 april om 15.30 oere en snein 17 april om 12.55 oere op NPO 2.

Besjoch hjir online de tredde útstjoering.

Diel fjouwer: Rispinge

De Amerikaanske Kim Karanik wie op syk nei in betrouber hynder. En wa is der no betrouberder as it hynder fan Zorro? Kim kocht hynder Ariaan doe’t hy seis jier âld wie en boude in spesjale bân mei him op. Fierder wurdt der sjoen by de 70-daagse ferrjochtingetest foar Fryske hynsten yn Ermelo. De hynsten fan fokker Age Okkema stride hijrby om opnaam te wurden yn it stamboek foar Fryske hynsten. Fierder yn dizze ôflevering: de Fryske Quadrille, mei Fryske hynders foar sjeazen en yn Fryske kostúms fiere sy shows op yn binnen- en bûtenlân.

Snein 24 april fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 23 april om 15.30 oere en snein 24 april om 12.55 oere op NPO 2.

Besjoch hjir online ôflevering fjouwer.

Diel fiif: De blik foarút

De amazône Cheré Burger yn it Súd-Afrikaanske Potchefstroom berydt it Frysk hynder Adelprag Anders 451 en hat dêrmei har debút makke op de wrâldruterspullen. Hjirmei skreau se skiednis, want it wie de earste kear dat der in Frysk hynder meidie oan sa’n grut dressuerevenemint. Cheré fertelt oer de takomst fan it Frysk hynder yn de top fan de dressuer. Fierder it grutste Frysk hynder evenemint fan it jier: de Fryske Hynstekeuring.

Hynsteleafhawwers fan oer de hiele wrâld komme byinoar om te sjen nei de keuringen en de shows. ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’, mei 14.000 leden yn fyftich lannen, sjocht hjir ta op de kwaliteit en suverens fan it ras.

Snein 1 maaie fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 30 april om 15.30 oere en snein 16 maaie om 12.55 oere aop NPO 2.

Besjoch hjir online de fiifde útstjoering.

Webdoku

Neist de dokumintêrerige op telefyzje is der ek webdoku makke, in ynteraktive reis lâns alle fasetten fan it Frysk hynder. Besjoch it no op omropfryslan.nl/fryskhynder of de omropapp.

Mear oer It Swarte Goud

Mear as in jier werom begong Omrop Fryslân tegearre mei Het Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek in crowdfundingsaksje om in dokumintêre rige oer it Frysk hynder te realisearjen. Mear ynformaasje oer dy crowdfundingsaksje, wa't de stipers binne en hoe'tst de DVD keapje kinst is te finen op www.itswartegoud.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)