Stimmen fan Fryslân

Yn it Frysk spraakopdrachten jaan oan dyn telefoan of sels dyn auto? Dat is no noch net mooglik, mar it ûndersyksprojekt Stimmen fan Fryslân moat dat mei mooglik meitsje. En dêr ha we safolle mooglik Friezen by nedich. Stimmen fan Fryslân is in ûndersyk fan de Ryksuniversiteit yn Grins (RUG) en Omrop Fryslân jout de kommende dagen omtinken oan it ûndersyk. 

Do kinst dus helpe troch de ûndersteande dialektkwis yn te foljen (ek te finen yn de omrop-app). Dizze bestiet út 19 fragen en kostet dy ûngefear 5 minuten. Of download de spesjale Stimmen-app (Google Play en iTunes), dêrop kinst ek wurden ynsprekke. It streven is om fan tsientûzen Friezen de stim te sammeljen.

Klik by ûndersteande dialektkwis op de play-knop om de útspraak ôf te spyljen. Klik dêrnei op it wurd fan dyn útspraak. 

Mear ynformaasje oer Stimmen fan Fryslân is te finen yn dit Q&A-artikel

(advertinsje)