Skûtsjesilen

Non-stop livestream neist fertroud radiolûd

De simmer by Omrop Fryslân is der ien fan tradysjes, mei dochs alle jierren wer nijichheden en in oare oanpak fan fêste eleminten. Omrop Fryslân set dizze simmer mei in live skûtsjestream útein mei streekrjocht en yntegraal ferslach fan it skûtsjesilen yn Fryslân. It fertroude lûd op radio, wêr't it skûtsjeferslach ôfwiksele wurdt mei oare geande saken en muzyk, bliuwt gewoan bestean. It live kanaal is in stream mei Frysk kommentaar by de skûtsjebylden, mar sûnder nijs en muzyk tuskentroch. 

(advertinsje)
(advertinsje)