Skûtsjepool

Wurdt it de Sneker Pan, it Lemster Skûtsje of dochs in oar skûtsje dat wint? Wa wit wurdt de winner fan ferline jier wer kampioen of moat er it dit jier mei ien fan de lêste plakken dwaan. Witsto te foarsizzen wa’t de winner fan moarn, oaremoarn en alle oare skûtsjedagen wurdt? Meld dy oan foar de skûtsjepool en meitsje it skûtsjesilen noch spannender!

Alle dagen is der in priis te winnen. Do makkest kâns op dy priis ast de winner fan de earstfolgjende skûtsjewedstriid riedst. Dêrby wurdt útgien fan de offisjele einútslach sa’t de organisaasje dy ferspriedt nei it behanneljen fan eventuele protesten.

Dochst alle dagen mei en kinne dyn Fryske tsjinstanners net tsjin dy op? Mei oare wurden: springt dyn totaalskoare boppe alles út? Dan leit der oan ‘e ein fan it skûtsjesilen noch in superpriis op dy te wachtsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)
(advertinsje)