Sykje 'n Kykje

Yn de trije wiken om it skûtsjesilen hinne, wike 28, 29 en 33, kinne jo mei dwaan oan ús simmerske fotowedstriid ‘Sykje ‘n Kykje’. Fan moandei oant ‘e mei sneon wurdt alle dagen moarnsbetiid in nije opdracht foar Sykje ‘n Kykje bekend makke yn de radioprogramma’s en op ynternet. Jo krije dan de opdracht om in spesifyk simmersk kykje (foto) te meitsjen. It kykje stjoere jo op nei foto@omropfryslân.nl.

Ynstjoere kin oant 16:00 oere. Fermeld hjirby jo namme, telefoannûmer en adres en stjoer de foto mei as bylage. Tusken 16:30 en 17:00 wurdt de winner fan it bêste kykje fan de dei bekend makke op ‘e radio. De deiwinner wint in moaie priis. De foto’s binne fansels ek te besjen op www.simmerynfryslan.nl. En de alder... alder... aldermoaiste/orzjineelste/kreatyfste foto fan de trije wiken Sykje ‘n Kykje wint de haadpriis: in hippe Smartwatch dy’t noch mar krekt op de merk is! Doch dus mei!

getpebble.com

(advertinsje)
(advertinsje)