Doch mei en win!

Op dizze side fine jo ynformaasje oer de spultsjes dêr’t jo dizze simmer oan meidwaan kinne.

Skûtsjepool

Yn de wiken fan de SKS en de IFKS kinne jo wer alle dagen de nûmers 1, 2 en 3 fan de wedstriid foarsizze en dêrmei in taske mei ynhâld winne. Folje alle dagen de Skûtsjepool yn en helje alle dagen punten, en wa wit winne jo de Skûtsjepool-haadpriis: in skûtsjesyl-arranzjemint foar 4 persoanen. Foarsis foar alle dagen de nûmers 1, 2 en 3 fan de wedstriid fan de dei. Ynfolje kin allinnich fia de site, oant it 10-minuteskot falt. As de start útsteld wurdt, hawwe je dus ek mear tiid om yn te stjoeren. Nei it startskot kinne jo de foarsizzing ynfolje foar de folgenjende wedstriid.

Hawwe jo de winner goed foarsein, dan krije jo 4 punten. De nûmer 2 is goed foar 2 punten, de nûmer 3 foar 1 punt. Foar elke goeie foarsizzing yn de top trije krije jo ek 1 punt. By in gelikense einstân wint dejinge dy't de foarsizzing it earst ynstjoerde. Wy hâlde de offisjele útslach fan de SKS en IFKS oan, dus nei ferwurking fan mooglike protesten. As de wedstriid net trochgiet, kinne jo gjin punten fertsjinje en is der dus ek gjin deiwinner.

Simmerstanza op Superwoansdeis

Woansdei 29 juli mei de PC Keatspartij en woansdei 5 augustus mei de Freule Keatspartij is it Superwoansdei. Moans en middeis wurdt dan de Simmerstanza spile. Harkje nei de radio om te hearren wat de begjinrigel is en meitsje in stanza. Dyn Simmerstanza kinst ynstjoere nei simmer@omropfryslan.nl. Wy lêze se foar op de radio en beleane de moaiste de unike limited edition houten Simmerbril.

Dus:
* Harkje op Superwoansdeis nei de radio en hear wat de begjinrigel fan de dei is.
* Gean kreatyf oan de slach en dichtsje in stanza fan 5 of 6 rigels.
* Stjoer him op nei simmer@omropfryslan.nl en meitsje kâns op leuke in houten Simmerbril!

(advertinsje)
(advertinsje)