Simmer yn Fryslân, ien grut festival!

It Simmer yn Fryslân-gefoel belibbest alle jierren wer by Omrop Fryslân en dit jier mear as ea. Wy geane der nammentlik op út en litte sjen wêrom't Fryslân sa moai is, dat it in festival op himsels is. We dogge dit jier ferslach fan eveneminten lykas de simmersporten, mar ek fan oare en nije eveneminten.

Sjoch hjirûnder wat der dizze simmer allegear te belibjen falt.

Download foar de folsleine aginda de Omrop-app yn Google Play Store of de App Store.

Wy sporte gewoan troch!

Fryslân dwerstroch

Seis wiken lang, fan 24 july oant en mei 1 septimber, giet Omrop Fryslân wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Dit jier giet Fryslân dwerstroch, de ferslachjouwers meitsje in rûte dwers troch de provinsje op trije rjochte linen: fan Flylân nei De Fochtel, fan Warkum nei Warfstermûne en fan Brantgum nei Bantegea. Yn de doarpen moetsje wy bysûnder gewoane Friezen en harren moaie ferhalen.

Alle dagen is Omrop Fryslân hjirmei live op radio út in doarp wei. Ek sil der alle dagen in koarte bydrage wêze yn Fryslân Hjoed.

Sjoch hjir nei de rûte.

Kin de koarte broek eins wol oan?

  • Delslach
  • Wyn
  • Ti
    bewolkt
    15°
    20%
    3  /  6  SW
  • Wo
    motregen
    14°
    90%
    2  /  4  WSW
  • To
    half bewolkt
    11°
    15%
    3  /  5  W
  • Fr
    motregen
    12°
    85%
    4  /  6  WSW
  • Sn
    koude motregen
    80%
    5  /  7  WSW