Rûnlieding

Kom by Omrop Fryslân op ekskurzje ! Dan krije jo de gelegenheid om efter de skermen te sjen by dit mediabedriuw.
Fêste ekskurzjemominten binne tiisdeis, woansdeis (tusken 13:30 en 15:30 oere), tongersdeis (de hiele dei) en op freedtemiddei is it ek mooglik om yn kombinaasje mei in rûnlieding in besite te bringen oan de Noardewyn live studio (13:30 oant 16:00 oere).

De ekskurzjegroepen moatte minimaal 10 en maksimaal 25 persoanen grut wêze. De kosten binne €7,50 de man/frou.

In ekskurzje duorret sa’n 2 oeren, wêryn’t jo alles te witten komme oer de Omrop fia in presintaasje en in rûnlieding troch it gebou.

Hawwe jo belangstelling, folje dan it oanmeldingsformulier yn, jo krije dan sa gau mooglik in befêstiging.

(advertinsje)
(advertinsje)